
02/10/2025
𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸𝗲 𝗟𝗲𝗲𝗳𝗯𝗲𝗿𝗲𝗻𝘀-𝘁𝗼𝗽 𝟮𝟬𝟮𝟱 𝘆𝗻 𝗕𝗲𝗿𝗹𝘁𝘀𝘂𝗺 – 𝗳𝗮𝗻𝗺𝗶𝗱𝗱𝗲𝗶 🌿
Fanmiddei, tongersdei 2 oktober 2025, komme wy mei in breed palet oan dielnimmers byinoar yn It Stedhûs yn Berltsum foar de Fryske Leefberens-top.
It programma begjint mei in iepening troch Renate Gerbrandy en deputearre Sijbe Knol, folge troch in presintaasje fan Planbureau Fryslân en in lêzing fan publisist René Cuperus oer mienskip en leefberens.
Dêrnei folget it grutte Leefberens-petear, in mienskiplike miel en twa rûnten ynspiraasjesesjes ûnder it motto “Sa kin it ek!”. Ek stelt Jelle Eijzenga syn oefenromte gastfrij beskikber foar dielnimmers.
De jûn wurdt ôfsletten mei in neisitborrel.
Wy sjogge út nei in jûn fol ideeën, útwikseling en ynspiraasje oer de takomst fan de leefberens yn Fryslân. 🙌