14/07/2025
In de maanden juli, augustus en september 2025 heeft Johan Schuurman een expositie in onze praktijk. Onderstaand de door hemzelf geschreven introductie:
Yn Akkrum bin ik berne en opgroeid mei de natuer en it wetter. As รปnderwizer yn 1968 yn Frjentsjer begรปn en fan 1974 - 2008 foar de klasse stien oan de Lyts Luchtenveld skoalle op De Jouwer.
Yn 1990 bin ik by de teken- en skilderclub "'t Atelier" op De Gerdyk begรปn mei akwarelferve. Les ha ik hjir hรขn fan Wil Vonk, Dinie Bogaard, Marleen van Engelen en Bettie van der Kamp.
Yn 2008 krige ik mear frije tiid en ha my doe talein op oaljeferve. Doe ha ik jierren op les west bij Marten Sijbesma yn Kubaard. Syn wize fan skilderjen spruts mei tige oan. In skilderij wurdt yn 3 lagen opsetten, de earste laach mei terpentine, yn de twadde laach moat der in stevige laach op brocht wurde en de tredde wurdt der in glacis oerhinnen brocht, wรชrtroch de รปnderste lagen werom komme.
Marten stoppe dermei en doe bin ik noch trije jier op les by Edgar de Cruyer yn Stiens west. Hij wurke op deselfde wize.
Favorite รปnderwerpen binnen "stilllevens" en de "natuer".
Ek krij ik opdrachten om fan in foto in skilderij te meitsjen.
By belangstelling of oare fragen kin men altyd frijblieuwend kontakt opnimme.
Sjoch ek op myn webside www.skildernocht.nl
Johan Schuurman | Westermarwei 51 | 8501 TB De Jouwer | Til.: 0513 - 41 42 70 of 06 - 50 81 35 29