10/04/2026
Wat bisto leaflik,
Rizende simmermoarn!
't Opgeande sintsje
Laket my oan.
't Hoantsje kraait: kûkelû!
`t Doke ropt: rûkûkû!
Ik wol ek sjonge
Fleurig fan toan.
Alles wat libbet
Docht der no sines by:
Fôltsjes en kealtsjes,
Hynders en kei.
Guoskes, dy snetterje,
Skiepkes, dy bletterje;
Lamkes, dy springe nuvere blij.
't Lurkje yn 'e wolken,
't Eeintsje yn 't lizich wiet,
't Moskje en 't swealtsje,
Elts sjongt syn liet.
d' Ea' barren klapperje,
Ljipkes wjukwapperje,
Skries op 'e hikke
Ropt grito-griet!
`k Woe foar gjin gûne
Dat 'k jit te sliepen lei;
't is my sa nochlik
Ier op `e dei.
Protters dy tsjotterje,
d 'Eksters dy skatterje,
Alles is fleurich:
Ik bin it mei.❤️